De toanielferiening “M.R.V. Tesselschade” waard oprjochte yn 1870 troch û.o A. Looxma-Ypeij en H.U. Thoden van Velzen, skriuwer en dichter, foarsitter oant 1919 ta, letter eare-foarsitter.
H.U. Thoden van Velzen
It sil sa wêze dat der de earste twa jier fan it bestean noch net toanielspile waard, mar gearkomsten hâlden waarden mei lêzingen en it foardragen fan gedichten. Tesselschade wie doe dan ek noch in saneamde ‘rederikerskeamer’. De jubilea waarden yn it ferline dan ek fierd as wie de feriening yn 1872 oprjochte. De statuten dy’t yn ús archyf binne jowe dúdlik oan it jier 1870. Yn 1970 en 1995 binne dan ek resp. it 100- en 125 jierrich bestean fierd. Yn 1995 is MRV Tesselschade ûnderskieden mei de Gouden doarpsspjelde en de Keninklike Earepenning.
Op ús archyfpagina’s fine jo mear wederwaardichheden út (lang) ferfleine tiden …
in foto út de begjinjierren