Beste toanielfreonen,
Wy binne alwer lós mei ús nije produksje! Mar earst in belangrike fraach…. Belangryk foar ús (en jim) Tesselschade!
Oprop!
Tesselschade is op syk nei entûsjaste minsken dy’t har ynsette wolle foar ús toanielferiening. Wy ha ferlet fan in oanfulling binnen ús bestjoer. Foar winterskoft 2026/ 2027 sykje we û.o. nije bestjoersleden.
Ek minsken dy’t harren nó al op oare wize ynsette wolle of belangstelling ha foar toaniel, binne fan herte wolkom! Liket it dy wat, wolst mear witte?
Stjoer dan in mail nei ynfo@mrvtesselschade.nl.
IT LÊSTE NIJS:
Wy komme dit winterskoft mei in Fryske première fan it it toanielstik “AKWARIUM”.
Foar Tesselschade is dit stik yn it Frysk oerset troch Anja Steegstra. (Oarspronklike titel : Aquarium, skriuwer Nathan Vecht).
It stik:
Noch foardat Televyzje-presintatrise Birgit en har partner Walter de ferhúsdoazen útpakt ha, steane de buorlju al foar de doar. De buorman docht it ien en oar by de ynljochtingsstjinst, mar wát, der kin er absolút neat oer loslitte: Top secret… Mar geandewei wurdt dochs dúdlik dat Walter miskien yn de gaten hâlden wurdt… As der gjin dossier oer Birgit blykt te bestean, mar wól oer Walter, is der gjin wei werom mear. Wat ûnskuldich begûn, feroaret yn in nachtmerry.
Akwarium is in swarte komeedzje oer privacy en sjoen wurde wolle, en dat blykt in lestige kombinaasje te wezen yn in akwarium…
Foarstellingen:
Saterdei 24 jannewaris – 20.30 oere
Snein 25 jannewaris – 15.00 oere
Saterdei 31 jannewaris – 20.30 oere
Snein 1 febrewaris – 15.00 oere
Saterdei 7 febrewaris – 20.30 oere (dûnsjen nei mei DJ Okky en DJ René).
KAARTEN BESTELLE:
www.mgtickets.nl
of
scan de QR-kode

Sjogge wy jim yn jannewaris of febrewaris allegear wer by ús nije rige foarstellingen?
Ja, fansels! Gesellich!
Oant dan!
De Spilers:
De rezjy:
De rezjy is dit winterskoft yn hannen fan
Rezjy-assistinsje troch
Anneke van der Wal en
Foto’s ‘Akwarium’
Dekorbouwers oan it wurk
Foto’s ‘neat te ferbergjen’
(2024-2025)
fotografy: Henk Haar
Word Freon Fan Tesselschade!
Ben jij al jaren trouwe bezoeker van Tesselschade? Of leer je ons net kennen en ben je enthousiast? Word dan ‘Freon Fan Tesselschade’! Als Fries theatergezelschap kunnen we jullie steun altijd goed gebruiken.
Steun ons en word sponsor
Met een trotse geschiedenis van 155 jaar zijn wij hét levende bewijs dat passie voor theater nooit vergaat. Maar om het doek te laten openen, hebben we jouw hulp nodig. Bekijk de mogelijkheden hoe jij sponsor van Tesselschade kunt worden.



















Dit vinden zij van Tesselschade
