‘Freon fan’ wurde

Drage jo ús toanielferiening en kultuer yn it algemien in waarm hert ta?
Binne jo hast alle jierren by ien fan ús foarstellingen?

En fine jo it hast alle jierren wer de muoite wurdich?

Binne jo eins altyd al fan doel west om ús écht te stypjen?

DAN WURDT IT NO TIID OM FREON FAN TESSELSCHADE TE WURDEN!

Stjoer in berichtsje mei jo namme, adres en tillefoannûmer nei ynfo@mrvtesselschade.nl en wy regelje de rest!

Freon wurde kin al foar € 25,00 p.p. per jier.

En wat krije jo dan?!
>> As jo freon binne krije jo gratis in frijkaart foar ien fan ús foarstellingen en ….
>> As jo betelle ha kinne jo fuort en daliks 2 kaarten reserveare (ien dus fergees en ien betelle kaart) foar jo favorite foarstellingsdatum!
       Net mear wachtsje op de foarferkeap dus!

Wer fine jo dat noch yn dizze djoere tiden!?