Wa binne wy?

MRV Tesselschade hat in fêste kearn, wêrfan guon ek mei spylje. Oaren helpe mei oan de dekorbou, de omballingen (rekwisiten), de kaartferkeap, de ferlotting, ensfh. Hast alle jierren docht de feriening in berop op ien of mear gastspilers.
Wolst ek meispylje? Kom dan op ien fan ús rippetysjejûnen om ris te sjen oft it wat foar dy is.
Ús rippetysjeskema stiet wol earne op dizze webside (allinne yn it winterskoft). Nim fan te foaren wol eefkes kontakt op mei ien fan ús bestjoersleden y.f.m. tiden, ensfh.

Fêste kearn:

Ida v.d. Veen
Stienie Boskma
Jelke v.d. Molen
Alle Dyk
Matty Dyk
Hennie Veenstra
Oedse Veenstra
Jan Dyk

De rezjy is al jierren yn de betûfte hannen fan ús fêste regisseur, Anny ter Linden-Veenstra
Anneke v.d. Wal is ús fêste rezjy assistinte 

Ek ris meidwaan of meihelpe? Stjoer in e-mail nei ynfo@mrvtesselschade.nl !
Neist spilers binne der fansels in bulte frijwillgers nedich, wêr’t wy perfoarst net sûnder kinne.
Wy meitsje altyd in protte wille en fine de gesellichheid – neist it repetearen – ék hiel belangryk!

Elk pear hannen is wolkom!