2015 – 2018

2015: MOSK

Yn 2015 komt Tesselschade mei in tragikomeedzje, “MOSK”.
Skrean troch Jim Cartwright, as musical en yn 1992 útbrocht ûnder de titel “LITTLE VOICE”.
Yn in fertaling fan Romke Toering, “LYTSE FÛGEL”, spile troch Tryater.

“Mosk”, giet oer in famke wat eins allinne mar op har solderkeamerke sit.
Har jeugd hat sy trochbrocht mei har âlders, yn Roemenie. Dêr is har heit ferstoarn.
Sûnt de dea fan har heit, lústert sy nei muzyk, benammen muzyk wer’t ek har heit sa fan hâlde.
Sy lústert en sjongt mei.
It kontakt tusken mem en dochter is net sa goed.
Mem drinkt en wikselt gauris fan manlju. Ien fan dy manlju, is eigner fan in lyts artiesten-buro.
As hy op in jûn Mosk sjongen heart, sjocht hy it jild binnen stromen.
Ek mem sjocht wer takomst.

Sa hat eltsenien miskien, in dream?

35823192 35823195

SPILERS YN DIT STIK WIENE:

Gasten:

Rita Looy as Mosk
Jitze Grijpstra as Chris
Wim vd Laan as Pyt van Dijk

 

Fierders:

Ida vd Veen as Neeltsje
Stienie Boskma as Epy Petrescu, de mem fan Mosk
Jelke vd Molen as Kobus Boerema  en Tillefoanmonteur

Besjoch hjir mear foto’s


35823368


2015-2016: BEDSÊNES

 


2016-2017: FEMKE

Tesselschade komt dit jier mei it boeiende stik:
“Een dag uit de dood van verdomde Lowietje”.
No brocht ûnder de titel “Femke”.

In echtpear mei in swier lichaamlik en geastlik beperkte dochter. Sy beslúte it famke net yn in ynrjochting ûnder te bringen mar jowe har thús alle fersoarging en leafde. In hiele swiere opjefte.
Kin harren houlik dit oan? Bliuwt der romte foar harsels oer? Benammen de heit siket útwei yn sinyske grappen. Bytiden hiel wrang.
Sy docht mei. Se kin net oars.
Dan binne der reaksjes fan’e bûtenwrâld.

It stik hat in breder kader. It giet net allinne oer twa minsken mei in berntsje yn in rolstoel. It giet oer minsken en har ferlerne idealen en fersteurde yllúzjes. Hoe faak draaie heechspande ferwachtings net op in teloarstelling út en hoe faak moatte wy net in kar meitsje yn it libben, in pynlike kar, dy’t eins net te nimmen is?

In boeiend stik fan skriuwer Peter Nichols, sels heit fan in mearfâldich beperkt bern.
It is syn persoanlike ferhaal.

    

    

2018: ENSEMBLE