L’ Amourexia, oarspronklik fan Hetty Heijting, oerset troch Marijke Geertsma, bewurke troch Anny Veenstra
Dyn eks-man noeget dy út, yn it fertrouwde fakânsjehûs yn Frankryk. Dû sitst no sá goed yn dyn fel, datst ‘já’ seist …. Mar der komme noch trije oare eks-frouwen del. It útstapke mei goeie herinnerings rint al gau út op in nachtmerry.
Fjouwer totaal ferskillende froulju (fan deselde eks) reitsje ferwikkele yn in skamteleas konflikt fol hilaryske rivaliteit en typyske wivestreken. Gjin wonder. Allegear foarby de fjirtich en heilich fan plan om eindelik te krijen wat harren takomt. Stik foar stik tochten sy dermei klear te wêzen. Hjir moatte sy dochs boppe stean?! En wer bluwt er trouwens? Wie it noch mar juster. Wienen se mar nea gien?
Der laait fan alles op: hormoanen, jaloesy, wraak, spyt en foaral: de wierhyd. Hy hat it wer foar inoar!