Stipers wurde freonen fan … !

STIPERS WURDE ‘FREONEN FAN …’

Oant no ta hie Tesselschade altyd saneamde ‘stipers’. Dizze stipers betellen in fêste, lege bijdrage en koenen dan gratis nei de foarstelling. Dat feroaret.
Tesselschade kin nl. fan dizze bijdrage (en alle oare ynkomsten lykas ferlotting, entreekaarten) net (mear) bestean.
Ús hjoeddeiske stipers betelje foartoan € 20,- . Dit bedrach is opdield yn € 10,- stipe en € 10,- foar in entreekaart. Dat betsjut dus in koarting fan € 6,50 op de entree. Gjin ekstra kosten, dus!

Nije stipers wurde fanôf no ‘Freon fan …’
Hjirûnder stiet hoe’t jo freon wurde kinne en wat dit ‘Freonskip’ wurdich is. Foar Tesselschade is it tige wichtich!

Want ….

In rige foarstellingen mei ljocht, lûd, rezjy, klaaiing, headsets, sealhier, ensfh. is hjoed de dei in kostbere saak wurden. Ek de musyk nei ôfrin komt op rekken fan Tesselschade.
Alles om Hurdegaripers en oar toanielminnend publyk in moaie foarstelling en noflike neisit te besoargjen.
Wy ha dus beslúte moatten nei in oare foarm fan ‘stiper-wêzen’ oer te gean: Freonen fan Tesselschade.

Dus ….

Drage jo ús toanielferiening en kultuer yn it algemien in waarm hert ta?
Binne jo hast alle jierren by ien fan ús foarstellingen?
En fine jo it hast alle jierren wer de muoite wurdich?
Binne jo eins altyd al fan doel west om ús écht te stypjen?1975lyts

DAN WURDT IT NO TIID OM FREON FAN TESSELSCHADE TE WURDEN!

Stjoer in berichtsje mei jo namme, adres en tillefoannûmer nei ynfo@mrvtesselschade.nl en wy regelje de rest!

of fia de tillefoan (ék foar fragen of tips):

– Jan Dijk, Kobbeflecht 74, Hurdegaryp, 0511- 476318

– Alle Dyk, Lisdodde 99, Drachten, 0512- 514706 / 06 126 25 724

of by ien fan ús oare bestjoersleden

Freon wurde kin al foar € 25,00 p.p. 
As jo freon binne krije jo gratis in frijkaart foar ien fan ús foarstellingen!
Wer fine jo dat noch yn dizze djoere tiden!?

NB:
Foar de lêste foarstelling binne pas nei de foarferkeap kaarten beskikber!