It lêste nijs

ENSEMBLE, ÚS NIJE STIK FOAR IT KOMMENDE WINTERSKOFT!

IT STIK ENSEMBLE. (TOANIEL YN TOANIEL).

DE AMBISJEUZE REGISSEUR FAN TEJATERSELSKIP “STOFA”, KOMT OP IT IDÉ OM,YN IT KADER FAN KULTURELE
HAADSTÈD 2018, “DE BEDELAARSOPERA”YN FERSKATE BEWURKINGEN EN MEARTALICH OP TE FIEREN.
HY WOL MEI DE GROEP IN SA GRUT MOOGLIK, BREED PUBLYK BERIKKE.
TIDENS IT REPETYSJE-PROSES DOCHT AL GAU BLIKEN DAT DE SPILERS GRUTTE LIKENIS FERTOANE MEI DE ROL-
FIGUREN ÚT “DE BEDELAARSOPERA”.
HOE TICHT LEIT DIZZE FANTASY-WRÂLD EN DE REALITEIT BYELKOAR? WITTE DE SPILERS TOANIEL EN WURKLIKHEID
TE SKIEDEN EN IN SLAGGE PRODUKSJE DEL TE SETTEN?

IN LUCHTIG STIK OER LEAFDE EN MISDIED, MEI FJOER EN FAASJE!!!